Wettersportferiening hat syn nocht fan swimmende bern

21 jun 2017 - 20:40

De wettersportferiening fan Aldegea (Smellingerlân) hat skjin syn nocht fan swimmende jeugd yn de jachthaven fan it doarp. Offisjeel mei dêr hielendal net swommen wurde, mar neffens de feriening dogge se dat dochs. Warskôgings fan de plysje en ferbodsbuorden hawwe oant no ta neat opsmiten. De feriening wol no dat de gemeente optrede sil. De swimmende jeugd soe foar gefaarlike situaasjes soargje by passearjende boaten en foar oerlêst soargje yn de haven sels.

Net elkenien yn it doarp is it dêr lykwols mei iens. It swimplak foar bern soe al jierren bestean sûnder dat der ea ûngelokken west hawwe. De wettersportferiening hat mei de gemeente oerlein oer maatregels.

Trefwurden: 
swimmers Aldegea (Sm.)
(Advertinsje)
(Advertinsje)