Kontrôle út de loft op bereining mei sleatswetter

21 jun 2017 - 19:03

De Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA) kontrolearret de kommende dagen ûnder oare út de loft wei oft bouboeren harren wol hâlde oan it ferbod om de ierappels te bereinen mei wetter ut de sleat. Yn in grut diel fan Fryslân jildt dat ferbod, omdat mei it bereinen de brúnrotbaktearje yn de ierappels komme kin.

As de NVWA in boer pakt dy't dochs de ierappels bereint, kin dat grutte gefolgen hawwe. It bedriuw komt dan ûnder tafersjoch fan de NVWA te stean en de ierappels meie net mear samar ferkocht en ferhannele wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)