Ricardo Kip bliuwt yn alle gefallen noch in jier by Cambuur

© AW Foto
Middenfjilder Ricardo Kip bliuwt by Cambuur. De Ljouwerter fuotbalklup hiert him noch in jier fan it Ingelske Fleetwood Town. It ôfrûne seizoen spile Kip ek al op hierbasis foar Cambuur. Hy koe net alle wedstriden meidwaan. Dat kaam omdat er syn kútbonke brutsen hie. Dêrtroch wie er moannenlang útskeakele.
Neffens technysk direkteur Gerald van den Belt fan Cambuur hat Kip yn de revalidaasjeperioade sjen litten dat er mentaal tige sterk is. "Zeker na het blessureleed van het afgelopen seizoen is hij bovendien enorm gretig om er een mooi en succesvol seizoen van te maken."