FIDEO: Toer fan Bonifatiustsjerke wurdt opknapt

21 jun 2017 - 17:52

De Sint Bonifatiustsjerke yn Ljouwert hat al hiel wat stoarmen trochstien. Yn 1976 wie de tsjerke sels wrâldnijs doe't de spits derôf waaide. Om de tsjerke mei toer yn goede steat te hâlden is woansdei in nije restauraasjeput úteinset. Nei ferskate opknapperijen oan de binnen- en bûtenkant fan de tsjerke is dizze kear de Fieringtoer oan bar. Dielen fan it lead wurde fuorthelle en ek it krús moat derôf foar ûnderhâld.

(advertinsje)
(advertinsje)