Friese Pers Boekerij is fallyt ferklearre

21 jun 2017 - 17:33

De Friese Pers Boekerij is fallyt ferklearre troch de rjochtbank. De útjouwerij fan boeken oer Fryslân, Grinslân en Drinte wie earder yn hannen fan de NDC, de útjouwer fan ûnder oare de Ljouwerter Krante, mar waard yn 2013 ferkocht oan Krijgsman Public Warehousing yn Tiel. Fan de trije wurknimmers dy't der doe wienen gienen twa mei nei de nije eigener. Dy hat is fallisemint sels oanfrege.

(advertinsje)
(advertinsje)