Fiif skriuwers nominearre foar Gysbert Japicxpriis

Gysbert Japicx
Foar de Gysbert Japicxpriis 2017 binne fiif skriuwers nominearre. De belangrykste provinsjale literêre priis wurdt dit jier útrikt foar poëzij. De nominearren binne: Wilco Berga foar 'Allinne en yn koar' (2014), Eppie Dam foar 'Fallend ljocht' (2014), Elske Kampen foar 'Man en mem' (2014), Abe de Vries foar 'Brek dyn klank' (2015) en Albertina Soepboer foar 'Herbarium' (2014).
De advyskommisje bestie út Bouke Oldenhof, Gerlien van Dalen en Pieter Boskma. De winner fan de Gysbert Japicxpriis wurdt sneon 14 oktober bekend makke yn Boalsert.