Toets.nl: Kwytrekke eksamens net ús flater

21 jun 2017 - 16:43

It is net in flater fan ús. Dat seit Toets.nl oer it kwytreitsjen fan de eksamens fan fjouwer learlingen fan Friese Poort yn Drachten. It eksamen Ingels skriuwen, dat se online makken, moast opnij dien wurde omdat it fuortrekke wie. Toets.nl hat ûndersocht oft de flater by harren lei en seit no dat dat net it gefal is.

Friese Poort sels docht ek noch ûndersyk nei de gong fan saken. De skoalle neamt it in tige ferfelende saak foar de learlingen.

Trefwurden: 
De Friese Poort Toets.nl
(advertinsje)
(advertinsje)