Ferwachte tekoart bysteld: Smellingerlân hat 4,6 miljoen oer

21 jun 2017 - 15:39

Smellingerlân hat gjin finansjele soargen mear. Ein ferline jier waard yn de begrutting noch rekken hâlden mei in tekoart fan 2,7 miljoen euro yn 2021. Yn in brief oan de gemeenteried stiet no dat der yn dat jier net langer te min jild is, mar dat der krekt 4,6 miljoen euro oer is foar nij belied. Dat komt om't de gemeente folle mear jild krijt fan it Ryk as dêr't earst op rekkende waard.

Smellingerlân is in protte jild kwyt oan nije taken op it mêd fan soarch, jeugdsoarch en it oan it wurk helpen fan wurkleazen. Dêr stiet no ekstra jild tsjinoer. Troch de finansjele tafaller komt der romte om nije plannen yn de gemeente te beteljen, lykas bygelyks it nije swimbad, it oanstellen fan mear stedswachten, it opsetten fan in ynformaasjepunt foar toeristen en it beteljen fan húshaldlike helpen. 

Trefwurden: 
Smellingerlân
(advertinsje)
(advertinsje)