Plysje hâldt sân minsken oan by ynfallen op syk nei drugs

21 jun 2017 - 14:54

De plysje hat earder dizze wike yn acht gebouwen yn Hearrenfean en Opsterlân ynfallen dien op syk nei drugs. Dêrby binne sân minsken oanhâlden. De plysje folge al wat langer twa manlju dy't fertocht waarden fan it ferbouwen fan hennep en it ferkeapjen fan drugs.

De plysje hat by de ynfallen mear as 1000 himpplanten yn beslach nommen. Dy planten binne ferneatige. By it ûndersyk is foar 40.000 euro oan kontant jild en sieraden yn beslach nommen. Boppedat binne ek fjoerwapenpatroanen fûn. De fertochten binne yn de sel yn Ljouwert set en wurde heard. 

(advertinsje)
(advertinsje)