Frou moat sel yn nei stellerij fan sieraden

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In frou fan 26 jier út Boyl moat twa moanne de sel yn, om't se sieraden stellen hat fan twa manlju. De frou wie mei de datingsite Badoo yn kontakt kommen mei har earste slachtoffer. Se krigen in relaasje, mar yn maaie ferline jier fernaam de man dat hy sieraden miste, nei in besite fan syn freondinne. Letter hearde hy dat sy it guod ynlevere hie by in goudwikselkantoar yn Ljouwert.
Ein ferline jier sloech de frou wer ta. Doe hie se fia de datingapp Tinder kontakt krigen mei in man. Fan him pakte de frou twa gouden kettingen ôf.