Gigantenfestival bringt oade oan Rommy Henstra

21 jun 2017 - 13:59

Op it kommende Gigantenfestival yn Aldtsjerk wurdt in oade brocht oan Rommy Henstra. De folkssjonger stoar tsien jier lyn en wie fyftjin jier lyn de earste artyst op it Gigantenfestival. Rommy makke mear as tsien cd's dy't útkamen by it label De Stille Genieter fan De Harkema.

Rommy syn soannen Trienes en Tjeerd Henstra sille dit jier ek optrede. Sûnder mis sille de besikers it bekende liet ‘Ave Maria’ fan 'De stim fan de Wâlden' meisjonge. Fierder komme ek artysten as Jannes, Sesam Sensation, en Harten 10 en The Classic Revival Band op it poadium. Op 30 juny en 1 july wurdt it festival foar de 15de kear organisearre. It is ien fan de grutste tintefeesten yn Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)