Oplieding foar fytstalinten

26 okt 2011 - 15:06

Talintfolle hurdfytsers kinne takom jier nei Assen. Yn it Regionaal Trainingssintrum dêr is plak foar fytsers fan 15 oant 19 jier út de trije noardlike provinsjes. Se wurde taret op de nasjonale seleksjes fan de KNWU. Neist hurdfytsers kinne ek bygelyks BMX- en mountainbike-talinten lessen folgje. De jonge sporters kinne der fan 1 jannewaris takom jier telâne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)