Miljoene-oarder foar Ljouwert

26 okt 2011 - 15:32

Twa Fryske bedriuwen bouwe foar de Sineeske stêd Liyang in grutte biogasynstallaasje. It smyt E-kwadraat en Oosterhof-Holman trije miljoen euro op. It is it earste konkrete resultaat fan de ekonomyske gearwurking tusken Ljouwert en Liyang. Hannelsmisjes wiene ferskate kearen yn Liyang.

De gearwurking is fan grut belang foar de Sinezen. Yn it kommunistyske Sina bepaalt de oerheid en folget it bedriuwslibben. In Sineeske stêd mei mei ien oare stêd in relaasje oangean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)