Berêstende reaksjes ûndernimmers Ljouwert op Cambuur-plannen

21 jun 2017 - 11:54
Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

Berêstende reaksjes op de plannen foar in nij Cambuurstadion yn Ljouwert. At dy plannen trochgean, kin dat ûnder oare grutte gefolgen ha foar de feemerk, want dêr is yn de nije plannen gjin plak mear foar.

Neffens foarsitter Andries Kingma fan de Stichting Veehandelcentrum Noord-Nederland hiene se der al rekken mei hâlden. De feemerk wol graach yn Ljouwert bliuwe en ferwachtet der mei de gemeente út te kommen.

De Centrale

Winkelsintrum de Centrale yn Ljouwert krijt der by it stadion in konkurrint by. Wêr't by it stadion wol supermerken komme meie, wiisde de gemeente in oanfraach om de Aldi fan it Cambuurplein te ferhúzjen nei de Centrale earder ôf. Der rint noch in beswier tsjin dit beslút. De direksje fan Kennemerland Beheer, eigener fan de Centrale, wol net op de nije plannen reagearje.

Bioskopen

In tredde sektor dy't lêst krije kin fan de nije plannen, binne de twa besteande Ljouwerter bioskopen Cinema en Tivoli. Dy wiene al net bliid mei de plannen foar in nije bioskoop fan Pathé yn it sintrum. Oer de plannen foar in bioskoop fan keten Vue by it stadion wol wurdfierder Pieter Tuinman fan de Ljouwerter bioskopen noch neat sizze. Hy wol earst de beslútfoarming yn de gemeenteried ôfwachtsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)