Studinten Friese Poort Drachten moatte eksamen oerdwaan

Fjouwer studinten fan de Friese Poort yn Drachten hawwe harren eksamen Ingelsk oerdwaan moatten. Dat soe komme omdat der in flater makke is by de eksamenwebside toets.nl. Op dizze side binne de eksamens online makke. Dêr binne de resultaten fan de studinten lykwols yn it systeem ferdwûn. Dêrom moasten de kandidaten op 'e nij it eksamen Ingelsk skriuwen meitsje.
Neffens de skoalle is dat tige ferfelend foar de studinten. Der wurdt op dit stuit ûndersocht wêr't de flater yn it toetsingssysteem sit. It is noch net dúdlik oft ek studinten fan oare skoallen de dupe wurden binne fan dizze flater. Njonken de skoalle docht ek toets.nl ûndersyk nei de gong fan saken.
Foar de studinten is it moaie nijs niiskrekt bekend wurden: se binne alle fjouwer slagge foar it eksamen Ingelsk.
UPDATE: Toets.nl seit dat 'it net in flater fan ús is', yn reaksje op it fuortreitsjen fan de eksamens fan fjouwer learlingen fan Friese Poort yn Drachten. It eksamen Ingelsk skriuwen, dat se online makken, moast opnij dien wurde omdat it fuortrekke wie. Toets.nl hat ûndersocht oft de flater by har lei en seit no dat dat net it gefal is. Friese Poort sels docht ek noch ûndersyk nei de gong fan saken. De skoalle neamt it in tige ferfelende saak foar de learlingen.