Nij ûndersyk nei krúspunt by Easterwâlde

21 jun 2017 - 11:11

Deputearre Poepjes sil op 'e nij sjen oft in rotonde wol de goeie oplossing is by it krúspunt Rijweg-Schottelenburgweg yn de N919 by Easterwâlde, de ferbiningsdyk tusken de N381 en Haulerwyk. It CDA yn Provinsjale Steaten hie om dat ûndersyk frege. De partij hat mei omwenners en it lokale bedriuwslibben praat en dêrút die bliken dat in rotonde net feilich is. In fytstunnel soe folle better wêze foar sawol de feiligens as de trochstream op de dyk.

De 110 frachtauto's fan transportbedriuw Boonstra yn Haulerwyk moatte bygelyks oer dit krúspunt om de N381 te berikken. Se komme dêr de skoalbern út De Fochtel tsjin dy't sûnt it sluten fan de skoalle yn harren doarp deistich nei Easterwâlde moatte.

(advertinsje)
(advertinsje)