Integraal Kind Centrum Snits iepene nei ynseiniging

21 jun 2017 - 10:54

Basisskoalle Bonifatius yn Snits is fan woansdei ôf in Integraal Kind Centrum. Yn dat sintrum komme ûnderwiis, ûntwikkeling en ûndersteuning by mekoar. Dat betsjut dat bern oant en mei tolve nei deselde skoalle gean. Aktiviteiten fan skoalle en berne-opfang kinne sa folle better op mekoar ôfstimd wurde, en dat is better foar de ûntwikkeling fan de bern.

Op is skoalplein hat de skoalle woansdei feestlik it IKC iepene. It skoalorkest hat in spesjaal Bonifatiusliet opfierd en alle groepen hiene in dûnske. Dêrneist is it nije skoalgebou oan de Looxmastrjitte ynseinige troch pastoar Van der Weide.

IKC Bonifatius is de earste yn Nederlân dy't in apart skoalgebou hat foar de boppebou. Ek de BSO is dêr allinne foar groep 6 oant en mei groep 8. Dit komt om't it gebou oan de Leeuwarderweg te lyts waard foar alle skoalbern.

(advertinsje)
(advertinsje)