Kollum: "Wetter"

21 jun 2017 - 08:42

"Pieter van Vollenhoven moat sa no en dan yn sikehûzen wat byskaafd wurde, mar oan syn holle mankearret noch neat. Hy sei fannewike dat de oerheid hieltyd mear oeral de hannen ôflûkt. En dat soks net goed is. Presys. De oerheid wol neat mei snie en sinne te krijen ha. Dat betsjutte by de earste sinnestrielen fan it jier dat de Ofslútdyk ôfsluten wurde moast. Dêrnei is der wikenlang sûkerskjin Iselmar- en Waadwetter op dy âlde brêgen griemd, sadat se teminsten wer ticht kinne. Dat giet oant salang't it Iselmarwetter ek te waarm is. Dan giet de Ofslútdyk definityf ticht.

Treinen ride net op tiid. Dy kinne inkeld funksjonearje tusken twa en fyftjin graden, mar dan moat it net reine of waaie. Watte, allerhande technyske saken, lykas spoarbrêgen, yn de hobbel fannewike.

Ien ljochtflits fanút jo eachhoeke nei in moai famke en hup, op Appelskea in bunder bosk nei de bliksem. Dêr is gjin bluswetter. Watte, op de Veluwe slaan se no ynienen wetterputten, dy binne dêr net iens. En yn de kranten mar jammerje dat yn Portugal de beammen sa ferskuorrende drûch binne.

Ynienen krije we allegear berochten dat hitte ôfgryslik gefaarlik foar ús sûnens is. Watte, jongeren ha sûnt de klimaatferoaring gemiddeld ien jier letter pas seks. Te waarm.

Tink net: de bern efkes nei it swimbad, want dan moatte je ynienen lâns de ikeprosesjerûp yn Noardwalde. Watte, moandeitejûn seach ik ynienen mear as fyftich sweltsjes boppe ús tún. No, doe wist ik it wol, deryn, want dan sit de loft fol mei fan dy lytse ferfelende hjitwaarmichjes dy’t ek noch stekke. En fierderop yn de loft hearre je de Ljouwerter strieljagers; dat lûd klinkt noch in kear sa slim yn de hjitte wynstille jûnsloft.

At ik deputearre Kielstra wie, dan wie ik yn Sjina moai op bêd lizzen bleaun en hie my net wer nei Fryslân deportearje litten.

Want nei ien dei wat waarmer kaam it berjocht: Vitens hat net genôch wetter. Net allegear tagelyk ûnder de dûs of oan de túnslang. Vitens is simpelwei it alâlde wetterliedingbedriuw Fryslân. Dus in bedriuw dat yn hannen is fan de provinsje en de gemeenten. Net dat dy har der bot mei bemoeie; twa kear jiers komme de wetterwethâlders fleurich byelkoar, nimme in borrel en ferdiele de sinten wermei't wy dat wetter betelle ha. Fierder ynteressearret it harren net. Je dogge de kraan ommers iepen en dan is der wetter.

Nee dus. Nei ien dei tropysk waar soe Fryslân as earste provinsje al ruskdieltsjes yn it wetter sjen kinne; koe der brún wetter út de kraan komme. Brún wetter. En dat der ek wolris gjin wetter út de kraan komme kin, bygelyks at buorman yn bad giet. Myn straaltsje begjint ek al te miezerjen..

Yn Fryslân-wetterlân hat wetter as in miegerich brún wetterstraaltsje. We moatte wat dwaan. We dogge neat. Mar we ha hjir no dochs dat massale draaihouten gebou yn Ljouwert weryn Wetsus sit. Weryn wittenskippers, gelearden en studinten dageliks dwaande binne om de meast elemintêre saken fan wetter te bestudearjen. En ek út te fieren, sadat we der mear mei kinne. Mar we há gjin wetter. En we hearden de politisy yn Fryslân dochs neat oars as roppen dat Wetsus krekt yn Fryslân goed te plak is. Wy brûke wetter, mar we ha der ek leafde foar. Mar stúdzjes oer wetter moatte wetter ha. No, Den Haag jout aanst gjin lover mear foar Wetsus, stúdzje op ruskwetter in Fryslân drûchtelân.

We hienen dus mear wetter út de grûn helje moatten by Noardburgum. Mar dat hawwe we net dien. Want, sizze se, we hiene net ferwachte dat de bedriuwichheid hjir sa grut wurde soe, sadat der safolle mear wetter nedich west hie. Dy selde politisy ha altyd bedriuwichheid easke en predike en no’t it der is kinne we dat net oan. Ja, sliepende bestjoerders, dy grutte molkfabriken ha mear wetter as molke nedich. We ha altyd smaaklik lake om dy provinsjes dy’t wetter helje en suverje moatte út de troch de brêge by Koarnwertersân fersmoarge Iselmarwetter. No moatte we dêr sels ek hinne, want oars dondert Noardburgum aanst yn de Grinzer dobbe.

Kinne we dy slogan Fryslân-wetterlân ek weibargje?"

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)