Opspoaringsbefel tsjin Stienzer Vegan Streaker is ynlutsen

21 jun 2017 - 07:35

It opspoaringsbefel fan de Spaanske justysje tsjin biste-aktivist Peter Janssen fan Stiens is ynlutsen. Janssen meldde him tiisdei by it gerjochtsgebou yn Madrid om't der socht waard troch de Spaanske justysje. Hy stiet bekend as de Vegan Streaker en hat mar leafst 27 kear aksjefierd tsjin de bollefjochterij yn Spanje, troch de arena yn te springen.

Yn septimber wurdt Janssen heard troch in Spaanske rjochter. Dêrnei wurdt besletten oft er ferfolge wurde sil.

(advertinsje)
(advertinsje)