Hoe sjocht Fryslân der yn it jier 2030 út?

Hoe't Fryslân derút sjocht yn 2030. Mei dy fraach waarden fyftich belangstellenden fan it earste Omgevingslab tiisdeitejûn oan it wurk set. Klimaatferoaring, ûntwikkelingen yn de lânbou en natuer, mar ek op it mêd fan demokrasy en fergrizing wurde minsken útdage om mei oplossings te kommen. Fryske gemeenten, de provinsje, it Wetterskip en boargers gean mei-inoar yn petear oer de takomstfisy.
Op de earste jûn yn Drachten wienen sawat fyftich minsken ôfkaam. Dy wrakselen mei de fraach hokker ûntwikkelings oft de kommende fyftjin jier fan bûtenôf de funksje fan it lanlik gebiet beynfloedzje kinne.
De kommende dagen wurdt ek yn Dokkum, Snits en Frjentsjer praat oer de takomst fan Fryslân. Elkenien is wolkom foar details: www.omgevingslab.frl