Earste partijen foarrondes iepen FK jeu de pelote spile

20 jun 2017 - 22:38

Op it Iepen Frysk jeu de pelote yn Easterlittens binne de earste partijen yn de foarronden ferkeatst. Tiisdeitejûn wûn Makkum fan Wytmarsum, Winsum wûn fan Weidum en Reahûs/Turns wie te sterk foar Deinum. Moandeitejûn waarden de earste partijen ferkeatst. Doe wûn Grou fan Hartwert, Bitgum fan Dronryp en Seisbierrum/Pitersbierrum fan Reduzum.

It kampioenskip wurdt foar de 19e kear hâlden op it Plein yn Easterlittens. De finale is op freed 30 juny.

(advertinsje)
(advertinsje)