Hoe fielt it om ien dei blyn te wêzen?

It Oogfonds hâldt woansdei de lanlike aksjedei 'Blyn foar ien dei'. Minsken kinne harren op de webside opjaan om te ûnderfinen hoe't it is om in pear oeren hielendal of hast neat sjen te kinnen.
Dielnimmers krije in spesjale bril tastjoerd dy't it sicht hielendal of foar in part fuortnimt. Sa wurdt dúdlik tsjin hokker obstakels minsken mei in fisuele hendikep letterlik en figuerlik oanrinne. Wa't meidocht kin him sponsorje litte. Dat jild giet dan nei it Oogfonds.