CDA Achtkarspelen: Ferleegje ûnreplikesaakbelesting (OZB)

20 jun 2017 - 20:53

It CDA yn Achtkarspelen fynt dat de ûnreplikesaakbelesting (OZB) fierder nei ûnderen kin. De partij sil dêr by de behanneling fan de begrutting fan 2018 in foarstel foar yntsjinje.

De ferleging is neffens it CDA mooglik, omdat de gemeente der wat finânsjes oanbelanget, folle better foarstiet as in pear jier lyn. De ferwachte tekoarten binne ombûgd nei oerskotten en dat komt foaral troch de hegere bydrage fan it ryk. It CDA fynt dat de boargers ek wol fernimme meie dat de gemeente no wat rommer yn it jild sit.

Trefwurden: 
CDA OZB
(advertinsje)
(advertinsje)