Buertsportcoach fan Súdwest-Fryslân wint lanlike priis

20 jun 2017 - 20:18

Buertsportcoach Idzard Pruiksma fan de gemeente Súdwest-Fryslân hat de lanlike stimulearringspriis Buurtcoach 2017 wûn. De priis is bedoeld foar in buertsportcoach dy't him of har ûnderskiedt fan de massa en dy't de kollega's ynspirearret. Pruiksma is neffens de sjuery in foarbyld fan in buertcoach, dy't net ôfwachtet, mar gewoan docht. Syn oanpak docht fertuten. 

Idzard Pruiksma wurket yn Snits en rjochtet him foaral op bern en jongeren mei in sosjale en ekonomyske achterstân. De priisútrikking wie tiisdei yn Almere.

(advertinsje)
(advertinsje)