"Spitich dat it Cambuurstadion hjirwei giet"

De komst fan it nije Cambuurstadion by it WTC Expo yn Ljouwert ropt mingde reaksjes op. Guon minsken fine it moai, oaren fine it skande fan it jild en de lokaasje net passend by in folksklup.
"Hartstikke mooi. Het is modern, de parkeermogelijkheden zijn overzichtelijk. Wel jammer dat het stadion hier weggaat", sei in foarbygonger tsjin ferslachjouwer Willem de Vries fan Omrop Fryslân. "It stadion fan no hat syn bêste tiid hân, Je moet met je tijd meegaan. Oud is leuk. Het stadion heeft ook nog een geschiedenis. Het moet om de club verder te helpen. Maar het geeft wel een dubbel gevoel."
"Skande fan it jild"
Skande fan it jjild, seit in man dy't op it terras sit op it Cambuurplein. Salang't wy yn de Jupiler League spylje moat it stadion hjir bliuwe. Hjir wurdt de klup net better fan. Sjoch mar nei Assen en Grins, it is allegearre net rendabel. En dan sil dizze wol rendabel wurde? Ik leau der neat fan. Mar it plaatsje sjocht der moai út.
Fragen
"It is wol in leuk stadion op it plaatsje," seit de baas fan it kafee oan it Cambuurplein."Ik haw de parsekonferinsje sjoen en ik haw no mear fragen as antwurden. It is no ôfwachtsjen. As it trochgiet en it stadion giet hjirwei, dan fyn ik dat spitich. Ek foar de minsken hjir yn de buert."
"Folksklup hoort in folkswyk"
`Ut siet der wel mooi út`, seit Appie van der Heide dy't foaroer it stadion wennet. `Alenich: ik had ut liever hier had. Ut is een folksklup en dan hoort it folgens my yn su'n buurt. Dat is overal su. In Deventer, en in Groaningen, en in Heerenveen was ut eerst op een ander plekje. Ik weet niet of de klup der beter fan wordt Suden se derdeur betere speulers krije? Dat is nou weer de fraag.