Ald-steatelid Bert Versteeg (73) ferstoarn

Bert Versteeg is 73 jier wurden © PvdA Fryslân
Ald-steatelid Bert Versteeg fan de PvdA is ferstoarn. Versteeg siet fan 1997 oant 2011 yn provinsjale steaten. De lêste acht jier siet er dêr as fraksjefoarsitter. Neffens de PvdA Fryslân stelde Versteeg hege easken oan syn fraksjegenoaten en frege er him by alle foarstellen ôf wat se foar de gewoane man of frou betsjutten.
Twa jier lyn ferhuze Versteeg nei Gelderlân om tichterby syn bern en bernsbern te wêzen. Freed is er yn Nijmegen ferstoarn. Syn ôfskie is yn besletten rûnte. Versteeg is 73 jier wurden.