Grien ljocht provinsje foar nije gemeente Noardeast-Fryslân

20 jun 2017 - 16:59

Deputearre Steaten binne akkoart mei de fúzje fan Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân. Se advisearje it kabinet om yn te stimmen mei de foarming fan de nije gemeente Noardeast-Fryslân. De gemeenten hawwe de fúzje sels oanswingele, omdat se it needsaaklik fine om de krimp oan te kinnen en de ekonomy en de leefberens op peil te hâlden.

De gemeente Dantumadiel bringt syn eigen amtlike funksjes ûnder by de nije gemeente, mar fusearret fierder net mei. Dy situaasje is unyk yn Nederlân. It Ryk moat dêr no dus noch formeel mei akkoart gean. En dan giet de fúzje yn op 1 jannewaris 2019.

(advertinsje)
(advertinsje)