Blommen by studintehûs dat troffen is troch fatale brân

20 jun 2017 - 16:48

De dei nei de brân mei in deadlik slachtoffer yn de Ljouwerter Emmanuel Murandstrjitte, wurde by it hûs allegearre blommen dellein. De fersleinens oer de dea fan de 22-jierrige studint is grut, sa is ôf te lêzen oan de teksten by de blommen.

In pantsje mei oalje feroarsake moandeitermoarn de fûle brân yn it studintehûs. Fan de fjouwer bewenners koene trije der sels út komme. De studint fan de Stenden Hotelskoalle oerlibbe it net. De skoalle hat tiisdeitemiddei de stúdzjegenoaten en dosinten op de hichte brocht.

(advertinsje)
(advertinsje)