Omrop TIP: Ik wol alles winne

23 jun 2017 - 07:34

Fierljep-leginde Bart Helmholt naam nei it seizoen fan 2016 ôfskied fan it fierljeppen. Nei 20 jier makke er syn lêste sprong mei in Nederlânske titel én in Nederlânsk rekôr. Yn de Fryslân DOK ‘Ik wol alles winne’ folget programmamakker Freark Wijma de ljepper fan syn jeugd oant syn ôfskied yn Burgum.

Winst

Hy waard bekend fanwegen syn enoarme drive om te prestearjen: Bart Helmholt. De man dy’t, oant it lêste ta, grinzen wist te ferlizzen. Hy wûn in soad prizen, mar faalde regelmjittich op de meast wichtige mominten.

Karriêre

Bart begûn op syn tolfde mei it fierljeppen en hat yn totaal 14 senioareseizoenen draaid. Yn de dokumintêre wurdt Bart syn libben en karriêre folge. Fierder komme de ferhalen efter de djipte- en hichtepunten út de karriêre fan de grutste fierljepper fan dizze iuw oan bar.

De Fryslân DOK dokumintêre ‘Ik wol alles winne’ is op snein om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. De dokumintêre is ek te sjen op NPO 2 op sneon om 15.30 oere en snein om 12.55 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)