Vegan Streaker út Stiens jout him oan by justysje yn Spanje

20 jun 2017 - 16:01

Biste-aktivist Peter Janssen út Stiens seit dat er him tiisdei melde sil by de Spaanske justysje. Dat hat in arrestaasjebefel tsjin him útjûn. Janssen stiet bekend as Vegan Streaker. Hy hat mar leafst 27 kear aksjefierd tsjin de bollefjochterij yn Spanje, troch de arena yn te springen.

Neffens Janssen wol de organisaasje achter de bollefjochterijen him it leafst sa lang mooglik achter de traaljes hawwe. Hy seit dat er tiisdei mei syn advokaat besjen sil oft dat ek barre kin.

(advertinsje)
(advertinsje)