Untuchtfertochte út Stiens moat langer yn de sel bliuwe

20 jun 2017 - 15:33

De man út Stiens (31) dy't oppakt is foar in sedemisdriuw ferline jier yn Ljouwert bliuwt twa wiken langer fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris tiisdei besletten. De man waard earder oanhâlden op grûn fan DNA-ûndersyk. By it sedemisdriuw op 3 augustus ferline jier waard in 88-jierrige frou it slachtoffer. By it misdriuw rekke de frou ferwûne.

Der waard ûndersyk dien nei DNA-spoaren dy't by har fûn waarden. In soad spoaren wiene fan famylje, fersoarging en kunde. It iene spoar dat oerbleau smiet koartlyn in hit op mei de man út Stiens.

Trefwurden: 
Untuchtfertochte
(advertinsje)
(advertinsje)