SP wol aksje provinsje tsjin boaiemdelgong Winaam

20 jun 2017 - 15:08

Deputearre Michiel Schrier (SP) moat wat dwaan oan de boaiemdelgong troch gas- en sâltwinning yn en om it doarp Winaam. Dat wol de steatefraksje fan de SP. De fersakking fan de grûn soarget foar skea oan wenhuzen en de tsjerke fan Winaam. Dêrtroch wurde de huzen minder wurdich en dat soarget foar ûnrêst yn it doarp, seit de SP.

Minsken kinne de skea net goed ferhelje by de winbedriuwen, omdat se bewize moatte dat it fan de gas- en sâltwinning komt en dat is in hiele toer. De SP wol dêrom dat de bewiislêst foar de Winamers omdraaid wurdt. Lit de winbedriuwen mar oantoane moatte dat it nét troch gas- en sâltwininng, seit de SP.

Trefwurden: 
SP Winaam boaiemdelgong
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)