Achtkarspelen hat ton oer foar nij swimbad Bûtenpost

20 jun 2017 - 14:58

Boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen wolle in ton yn 't jier stekke yn in nij 25-meterbad foar Bûtenpost. It kolleezje komt mei dat foarstel, omdat plannen foar in nij swimbad net fan de grûn kaam binne. Dy plannen kamen der neidat de gemeente sein hie dat it besteande swimbad De Kûpe te djoer waard om te ûnderhâlden.

De stifting dy't it bad eksploitearret stuts mei in boargerinisjatyf in stokje foar de sluting. Mar it eigen plan fan de stifting foar in nij bad krige gjin stipe fan de gemeente. Dêrom komme boargemaster en wethâlders no mei in nij foarstel. De gemeenteried praat dêr ynkoarten oer.

Ultimatum

Yntern rommelet it lykwols by De Kûpe noch behoarlik. It personiel wol noch hieltyd dat it bestjoer opstapt, omdat se fine dat de ferhâldings hiel min binne en ek net better wurde sille. Se hawwe de beide bestjoersleden dat tiisdei nochris witte litten en harren in ultimatum steld. Se moasten opstappe foar jûns tsien oere. Mar it bestjoer liet om goed acht oere lykwols al witte dat se harren net werkenne yn de krityk fan it personiel en dus ek net fan doel binne om op te stappen.

Aksjes

Dat betsjut dat it personiel no mei aksjes komme sil. Dy sille ludyk wêze, sa hawwe se witte litten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)