Warskôgingslinten foar ikeprosesjerûp yn Noardwâlde

20 jun 2017 - 14:25

De ikeprosesjerûp rukt op yn Weststellingwerf. De ôfrûne dagen binne lâns de Elswei by Noardwâlde in soad nêsten fûn. Dat is in belangrike fytsrûte nei it swimbad en de Spokeplas. In meiwurker fan de gemeente hat dêrom moandei en tiisdei linten spand om acht beammen mei de nêsten. 

Foar it ôfrûne wykein wiene der al 343 nêsten fûn. Ferline jier waarden der mei-inoar 247 nêsten oantroffen fan de ikeprosesjerûp. Yn 2015 wiene dat der sels 526. 

(advertinsje)
(advertinsje)