Provinsje krijt stipe mei REC

De ôffaloven yn Harns
Eksterne saakkundigen moatte de provinsje helpe om bettere en dúdliker ynformaasje nei bûten te bringen oer de ôffaloven yn Harns. De kommisje moat it kolleezje ek advisearje oer de fergunningen foar de REC. De saakkundigen komme der op fersyk fan ûnder oare Grien Links. Deputearre Sietske Poepjes hat har oertsjûgje litten fan it nut fan sa'n saakkundigekommisje.