Trettjin sollisitanten foar boargemasterskip Dantumadiel

20 jun 2017 - 14:09
It gemeentehûs fan de gemeente Dantumadiel - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Fjouwer froulju en njoggen manlju wolle boargemaster wurde fan de gemeente Dantumadiel. Se hawwe reagearre op de fakatuere dy't der is, no't Sicko Heldoorn bekend makke hat op te hâlden as waarnimmend boargemaster. It grutste diel fan de sollisitanten is tusken de 50 en 60 jier âld, mar der sit ek in tweintiger by. VVD en CDA binne it meast fertsjintwurde, as it giet om de politike foarkar fan de kandidaten.

It is no oan de gemeenteried om mei in geskikte kandidaat te kommen. Dy wurdt dêrnei troch de minister fan Ynlânske Saken beneamd. Doel is dat de opfolger fan 't hjerst yn Dantumadiel begjint.

(Advertinsje)
(Advertinsje)