Hobbels en kûlen: sneldyk A32 yn minne steat

It klaverblêd by It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Evert van den Berg
De A32 fan Ljouwert rjochting Zwolle is sa min, dat der fuortendaliks wat oan dien wurde moat. Dat seit Tjep Keuken fan Easterein, dy't der alle dagen oerhinne rydt nei Meppel. Der sitte hobbels en kûlen yn oer it hiele trajekt en dy soargje foar skea oan syn auto.
Keuken hat yntusken in skeaclaim yntsjinne by de provinsje en hy hat in petysje op ynternet set, om der foar te soargjen dat der wat oan de dyk bart. De problemen wurde neffens him feroarsake troch de laach ûnder it asfalt. Dy drukt it asfalt omheech.