Gemeente draacht op syn meast 4,5 miljoen by oan nij stadion

20 jun 2017 - 13:36

De gemeente Ljouwert is ree om op syn meast 4,5 miljoen euro mei te beteljen oan it ûntwikkeljen fan it nije Cambuurstadion en de SC Cambuur Boulevard. Wethâlder Henk Deinum fan Ljouwert makke dat tiisdei bekend by de presintaasje fan de plannen. Troch de ferhuzing fan it Cambuurstadion fan it Cambuurplein nei de westkant fan de stêd komt yn de wyk Cambuur grûn frij mei 'goede ûntwikkelingsmooglikheden', sa seit de wethâlder.

Deinum sjocht sels goede mooglikheden foar wentebou oan it Cambuurplein. Mei it ûntwikkeljen fan de grûn ûnder it besteande Cambuurstadion ferwachtet de wethâlder in part fan de ynvestearring wer werom te fertsjinjen. De gemeenteried fan Ljouwert moat noch grien ljocht jaan foar de plannen en foar de gemeentlike bydrage.

Trefwurden: 
SC Cambuur Cambuurstadion
(advertinsje)
(advertinsje)