Hannelsmissy: Fryske ikoanen oanpriizgje yn Sina

20 jun 2017 - 13:30

Direkteur Hilda Boesjes fan it besikerssintrum by it Woudagemaal wie mei op de Fryske hannelsmissy nei de Sineeske provinsje Heilongjiang en hat dêr it Woudagemaal, de Ofslútdyk en de Waadsee oanpriizge. It giet neffens Boesjes om de trije Fryske ikoanen dy't yn Sina aardich bekend binne. It oanpriizgjen fan Fryslân past neffens Boesjes ek binnen plannen om de tastream fan bûtenlânske toeristen yn Nederlân better te sprieden. Yn 2020 wurde der 14 miljoen toeristen ferwachte.

Benammen Amsterdam driget dertroch ûnder te strûpen. Der komt neffens Boesjes in nije generaasje Sineeske toeristen oan, dy't goed Ingelsk kin en dêrtroch ek allinnich of yn lytsere groepen doare te reizgjen. Se hawwe boppedat in soad ynteresse yn ús kultureel erfguod.

(advertinsje)
(advertinsje)