Ype Smid: Cambuur krijt fantastysk nij stadion yn 2020

20 jun 2017 - 13:10

As de gemeenteried fan Ljouwert grien ljocht jout krijt Sportklup Cambuur op syn lêst yn it jier 2020 in 'fantastysk nij stadion'. Dat sei Cambuurfoarsitter Ype Smid tiisdei by de presintaasje fan de nije plannen yn it WTC yn Ljouwert. Der binne mominten dat je feroarje moatte om jesels te bliuwen, sei Smid. "It Cambuurplein ferlitte docht sear, mar it kin net oars. Wy sille der alles oan dwaan om it DNA fan de klup mei te ferhúzjen."

Smid ferwachtet dat Cambuur op de nije lokaasje in 'stabile earedifyzjeklup' wurde kin, mei in begrutting fan sa'n 14 miljoen euro op jierbasis. As it oan SC Cambuur leit wurdt de klup ek eigener fan it nije stadion. 

(advertinsje)
(advertinsje)