Deputearre út sikehûs Sina ûntslein, gau wer nei Fryslân

20 jun 2017 - 11:26
Klaas Kielstra - Foto: Provinsje Fryslân

Deputearre Klaas Kielstra is út it sikehûs yn Sina ûntslein en komt sa gau as mooglik nei hûs. Kielstra wie yn it sikehûs opnaam nei't er ferwûne rekke by in auto-ûngelok ûnder de hannelsmissy nei de Sineeske provinsje Heilongjiang. Ek wethâlder Friso Douwstra fan Ljouwert rekke by it ûngelok ferwûne. Hy mocht earder al it sikehûs ferlitte en is no ûnderweis nei hûs. It ûngelok wie oan de ein fan de hannelsmissy. Dy is fuortendaliks stopset. In diel fan de Fryske delegaasje is earder nei hûs ta gien.

(advertinsje)
(advertinsje)