LIVE: Gemeente presintearret plannen foar nij Cambuurstadion

20 jun 2017 - 12:45

De gemeente Ljouwert presintearret tiisdeitemiddei fan 13.00 oere ôf de plannen foar de bou fan in nij Cambuurstadion en de fierdere ûntwikkeling fan it WTC-gebiet. De gemeente docht dat yn oparbeidzjen mei it bestjoer fan sportklup Cambuur, ûntwikkeler Wyckerveste en oannimmer Dijkstra Draisma. De plannen wurde op de boppenste ferdjipping fan it WTC Hotel útstald.

Omrop Fryslân stjoert tiisdeitemiddei de presintaasje fan de plannen foar it Cambuurstadion live út op telefyzje en ynternet. Folgje de parsekonferinsje fan 13.00 oere ôf ek hjirûnder.

(advertinsje)
(advertinsje)