Piet van Dijk begjint yn septimber as boargemaster yn Drinte

Piet van Dijk
Wethâlder Piet van Dijk fan de gemeente Opsterlân begjint yn septimber oan syn nije funksje as boargemaster fan de Drintske gemeente Aa en Hunze. It ministearje fan Ynlânske Saken hat syn beneaming offisjeel goedkard. De 54-jierrige Van Dijk folget by Aa en Hunze waarnimmend boargemaster Jan Hoekema op, dy't nei Noard-Hollân giet.
Van Dijk wie earder acht jier fraksjefoarsitter fan de VVD yn de gemeenteried fan Zwolle. Sûnt 2012 wurke er as wethâlder yn de gemeente Opsterlân.