Kollum: ''Gebed sûnder ein''

20 jun 2017 - 08:20

''Wolkom werom yn de midsiuwen. It is net de earste kear dat ik it konstatearje moat, en sjoen it ûnferwrigber argaysk wrâldbyld fan guon groepen, ek net de lêste.

De midsiuwen waarden behearske troch eangst. Eangst foar wat de minsken net koene, wat se net begrepen of net by steat wiene om te ferklearjen. In tiid fan útsinnich byleauwe dat, faak troch tadwaan fan de tsjerke, achter in masker fan leauwe skûl gie. Tink allinne mar oan de hekseferfolgings, dêr’t nei alle gedachten mear as 150.000 froulju in aaklike dea troch hân ha. Tink ek oan de Pauslike ynkwisysje, de Spaanske en de Romeinske ynkwisysje dêr’t lyksa tûzenen minsken by dea rekke binne. De duvel dûnse troch de strjitten, en dy moast mei alle mooglike middels ferdreaun wurde.

Gelokkich kaam de saneamde Nije Tiid. De boekdrukkeunst waard útfûn en de Ferljochting tsjinne har oan. Dy stie foar it befoarderjen fan de wittenskip en yntellektuele útwikseling, bestride it byleauwe, it misbrûk fan rjocht en steat, dy fjochte tsjin yntolerânsje. In sucht fan ferromming luts oer Europa.

It is 2017 en yn Veldhoven wurdt fan ’t simmer Frank As ynstallearre as nije pastoar fan de parochy Christus Koning. Frank As is troch de foarige biskop oansteld as ‘exorcist’. De nije pastoar komt twa oant trije kear per wike yn aksje om boaze geasten út te driuwen. Withoefaak heart er de duvel gromjen en sisterjen as er de foarholle fan de ‘bezetene’ mei wijwetter besprinkelet. Seit er. Hy komt ek wol op lokaasje –de duiveluitdrijver komt naar je toe deze zomer!- mar by foarkar docht er it yn de eigen tsjerke. ‘Want,’ sa seit er, ‘dêr fiele de duvel en de kweageasten harren net thús.’ It binne sessy’s dy’t in hiele middei of in hiele jûn duorje kinne.

It is 2017 en it Fatikaan wol dat alle bisdommen in ‘exorcist’ oanstelle. It is 2017, en trettjin dûmny’s warskôgje âlders yn it Twentske Vriezenveen foar it nûmer Kind van de Duivel fan rapper Jebroer. Hie it nûmer Kind van een Arbeider hjitten wiene de dûmny’s net wekker sketten en hiene se net yn de pinne klommen. No sizze se dat it ferske opropt ta rûzje en oarloch. Dat kloppet net omdat it oer feesten, drank en drugs giet (remember the 60’s mei syn blues, jazz en rock ’n roll?), mar hee, de feiten dogge der net ta as it wurd Duvel foarbykomt. It is 2017 en de Baptisten fan de Bethel-tsjerke bidde harren de fingers blau fanwegen it metalfestival Death over Drachten. Metal is fan de duvel en dy bringt de dea oer Drachten. Dat de titel fan it festival al sûnt 2009 brûkt wurdt en allinne slacht op in sub-genre fan metal, kin neat skele. Feiten dogge der net ta as it om de duvel giet, en dus ha de optredens derfoar soarge dat der mear terroristyske oanslaggen komme, dat der in relaasje is mei de fermoarde tienerfamkes fan lêsten. Sizze de tsjinstanners.

It is 2017, en ik kin net oars as konstatearje dat de midsiuwen werom binne. Eangst slacht foar master op, en opnij giet in útsinnich byleauwe skûl achter in masker fan leauwe.''

(advertinsje)
(advertinsje)