André van de Nadort nije boargemaster fan Weststellingwerf

20 jun 2017 - 06:43

André van de Nadort wurdt dizze simmer ynstallearre as nije boargemaster fan de gemeente Weststellingwerf. Hy folget Gerard van Klaveren op, dy't moandei op de riedsfergadering offisjeel ôfskied naam fan de gemeente. Van de Nadort waard earder al foardroegen troch de gemeente, en it ministearje fan Ynlânske Saken hat no mei de beneaming ynstimd.

De 54-jierrige Van de Nadort wie fan 2009 ôf boargemaster fan de gemeente Ten Boer. Dêrfoar wurke er as gemeenteriedslid en wethâlder yn Stjinwyk.

(advertinsje)
(advertinsje)