Sinkend skip by Snits, opfarrenden evakuearre

Yn de haven fan Aquanaut yn Snits wie moandeinacht in skip oan it sinken, wylst dêr in groep op oernachte. It giet om in groep minsken mei in beheining en harren begelieders. De groep fan sa'n tsien persoanen komt út Dútslân, út de omkriten fan Darmstadt. Se wisten allegearre op tiid fuort te kommen en hawwe úteinlik op in oare boat slept.
It jacht makke wetter, omdat in frijwilliger fan de boat in kraan iepen stean litten hie. In nijsgjirrige kliïnt kaam der efter dat de boat oan it sinken wie, doe't hy midden yn de nacht in rûntsje oer it skip rûn en wiet waard. De brânwacht hat it jacht, dat spesjaal ynrjochte is foar minsken mei in beheining, leechpompt. De groep kin der sadwaande tiisdei wer mei op paad. De begelieding út Dútslân is goed te sprekken oer de helptsjinsten. Dy wiene allegeare tige 'freundlich'