Proef mei enerzjycoach yn Ljouwert krijt ferfolch

19 jun 2017 - 23:07

In proef mei in enerzjycoach yn de Ljouwerter wenwyk Oud-Oost krijt in ferfolch. Ek de wenwyk Nijlân krijt in enerzjycoach. Dat seit wethâlder Jan Atze Nicolai. Ein 2016 begûn de gemeente Ljouwert yn Oud-Oost mei in coach op it mêd fan enerzjybesparring foar minima. Der binne yntusken mear as 200 húshâldens mei berikt.

Mei help fan 'tochtstrippen' en CV-tsjettel-doktoaren wurde de hûzen enerzjysuniger makke. "In Friesland zijn nog nooit zo actief mensen benaderd. Eerst was de respons nog niet heel hoog, maar na een tijdje zie je dat de buurt gaat kijken wat zo'n coach nou doet. Daardoor ontstond een respons van 10 tot 15 procent", seit Jan Atze Nicolai.

"We moeten mensen bewuster maken van het feit dat de woning zuiniger en duurzamer kan, al kost dat wel tijd", beslút de wethâlder.

(advertinsje)
(advertinsje)