Soargen by keapers de Peinder Mieden oer takomstplannen

De plannen foar de bou fan 45 wenten by de Peinder Mieden driigje op slot te reitsjen. Der leit noch altyd gjin definityf bestimmingsplan foar it bysûndere projekt en potinsjele keapers driigje derom ôf te heakjen. Dat seit de keapersferiening fan de Peinder Mieden.
Ofspraak
Der leit in ôfspraak mei de gemeente dat der in beslút naam wurde soe oer it bestimmingsplan as der 31.000 kante meter oan bougrûn ferkocht wêze soe, mar dat wurdt krekt net helle. Der is oant no ta 28.500 kante meter ferkocht en neffens de keapersferiening slagget it net om ek dat lêste stikje te ferkeapjen as de gemeente gjin beslút nimt. En sa wachtsje de keapers dus op de gemeente en de gemeente op de keapers.
Tiisdeitejûn praat de gemeenteried opnij oer it bestimmingsplan en de keapersferiening ropt op om de plannen goed te karren sadat se fierder kinne.