Bewenners Wielenpôlle poerrazend op wethâlder om subsydzje

Wykbewenners fan de Ljouwerter Schepenbuurt en de Wielenpôlle hawwe op it stedhûs yn Ljouwert lilk ynsprutsen op de spesjale foara dy't de gemeente organisearre hie. De bewenners binne lilk oer it koartsjen op it budzjet foar it projekt Big Society.
Minder budzjet
Yn 2013 waard ûnder dy namme begûn mei it ynfoljen fan de winsk út de Ljouwerter wiken om sels oplossingen te sykjen foar problemen dy't spilen yn de wyk. Dêrmei krigen wykbewenners sels-stjoering, bygelyks op it tal frijwilligers dat nedich is. It die fertuten, sizze de wurdfierders út de wiken: wurkleazen hellen diploma's en krigen weardefolle funksjes sa as bygelyks by it buerthûs of mei spesjale berne-opfang yn de wyk. Mar de gemeente Ljouwert wol dêr no diels mei ophâlde. Der is minder budzjet foar.
De fertsjinwurdigers fan de Schepebuurt en de Wielenpôlle binne op ynternet in petysje begûn tsjin it belied fan de gemeente. Se tinke dat amtners en wolwêzen-meiwurkers no it wurk krije dat de wykbewenners frijwillich dwaan kinne yn de wyk.