Seehûne-opfang Skylge letter iepen as pland

19 jun 2017 - 21:52

Seehûne-opfang Hessel Wiegman op Skylge giet letter iepen as pland. De organisaasje hie graach mei Oerol iepen wollen, om ek Oerol-besikers nei it besikerssintrum te lûken. Dat it no dochs letter wurdt, komt troch datselde Oerol. De frijwilligers fan de opfang hiene it sa drok mei Oerol, dat se it net oan tiid hiene om te helpen by de seehûnen, seit Guus Schweigman fan de organisaasje.

De planning is no dat it ein nije wike iepengiet.

(advertinsje)
(advertinsje)